Ljouwert yn wintersfear

09 sep 2006 - 13:31

It sintrum fan Ljouwert is ein desimber yn winterske sfearen. Undernimmers organisearje dan it saneamde Winterfeest op de Nijstêd.

Der komt in iisbaan, in skibaan en in skihut. Fierder binne der kreamkes en in krystbeammeferkeap. Mids desimber wurdt it winterfeest iepene mei in optreden fan de sirkusskoalle. Dêrnei jout boargemaster Dales it startskot op de iisbaan. Der trede ek koaren op dy't krystferskes sjonge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)