Sike kij soene nei Ruslân

De twa kij dy't besmette binne mei blautonge, binne fan hannelsbedriuw Bles Dairies Livestock yn Ljouwert en soene eksportearre wurde nei Ruslân. De feesykte is fûn omdat by eksport ferplichte in test útfierd wurde moat.
Op it momint fan de test stiene de kij op it sammelplak fan Dijkstra yn Hilaard. Bedriuwen yn in kilometer om dat bedriuw hinne, moatte no ek ûndersocht wurde op blautonge. De beide kij hiene gjin sykteferskynsels.