Husky achterlitten by asyl

09 sep 2006 - 12:48

By it hûne-asyl yn Droegeham is freedtemoarn in husky oantroffen. De hûn wie fêstbûn oan it stek troch buorlju fan it baaske fan de husky, dy't Angel hyt. Yn in anonime brief litte de buorlju wite dat it teefke net goed fersoarge wurdt troch de baas.

De eigners fan it asyl fine it in frjemde saak, want Angel sjocht der hielendal net fertuteaze út. Der is freed in advertinsje yn de krante set mei in oprop foar de baas fan de hûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)