Nuon-oandielen nei Noard-Hollân
De provinsje Fryslân wol syn belang fan 12 persint yn it enerzjybedriuw Nuon ferkeapje oan de provinsje Noard-Hollân. It Fryske oandielepakket is goed 12 miljard euro wurdich.
In wurdfierder fan de provinsje Fryslân hat freed befestige dat de ûnderhannelings mei Noard-Hollân oer de oerdracht fan de oandielen geande binne.