Studint woe Lange Frans oanfalle

In learling fan it Friesland College yn Ljouwert hat tongersdei besocht om de rapper Lange Frans oan te fallen. De muzikant hie in optreden op dizze skoalle. In fjochtpartij koe op it lêste momint foarkaam wurde.
Lange Frans reagearre op in opstutsen middelfinger en in provosearjende tekst fan de learling. Dy waard lilk oer dy reaksje en woe de rapper oanfalle. In befeiligingsmeiwurker kaam tuskenbeide.