Swimferbod Drachten ynlutsen
It ferbod op swimmen yn it iepen wetter yn Parkwijck de Singels yn Drachten is mei yngong fan freed ynlutsen. It ferbod wie ynsteld omdat der te folle baktearjes yn it wetter sieten.
Ut nije mjittings hat bliken dien dat de wetterkwaliteit wer foldocht oan de easken. De buorden dêr't it swimferbod op oanjûn stiet, wurde ferwidere.