Stroomstjit yn It Bilt

08 sep 2006 - 17:31

De Bilthoeke is freedtemoarn troffen troch in stroomstjit fan hast 300 volt. Hjirtroch is in soad skea ûntstien oan elektryske apparatuer, sawol by bedriuwen as partikulieren. By bedriuwen rekken kompjûters en masines stikken.

By de elektroanikawinkel yn Sint Anne wie it in kommen en gean fan minsken mei stikkene modems, televyzjes en oare apparatuer. Minsken kinne de skea ferhelje op enerzjyleveransier Nuon.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)