Iepenbiere boekemerk Frjentsjer

© Omrop Fryslân
Op sneon 16 septimber wurdt yn Frjentsjer de earste iepenbiere Fryske boekemerk hâlden. Dizze oerkape merk is in inisjatyf om de belangrykste Fryske boekestêd op de kaart te setten. Op de merk binne boeken te keap fan 10 sint oant 1300 euro.
Yn Frjentsjer sitte ferskate antikwariaten, keunst-, berne- en evangelyske boekhannels. Sy sille neist útjouwerijen en biblioteken har boeken oanbiede op de merk.