Rjochtsaak oer iepenbier ferfier

08 sep 2006 - 14:32

By de rjochtbank yn Den Haach tsjinnet freed de saak fan ferfiersbedriuw Arriva tsjin de provinsje oer de oanbesteging fan it busferfier. Deputearre Steaten ha it busferfier yn Noard- en Súdwest-Fryslân oan it bedriuw Connexxion gund.

Arriva fynt dat der flaters makke binne by de prosedure. Der soe ynformaasje oer de biedingen útlekt wêze. Connexxion hie in skerper bod as Arriva.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)