Tsiisferkeap FF rint net goed

08 sep 2006 - 14:29

It giet noch hieltyd net better mei de ferkeap fan tsiis en farske molkeprodukten fan Friesland Foods yn Nederlân. Dat docht bliken út de sifers oer it earste healjier.

Der is yn de earste moannen fan dit jier wol mear tsiis produsearre, mar de priis stiet ûnder druk. De marzje op molkpoeier is omleechgongen. Bûten Europa giet it wol goed mei Friesland Foods. De nettowinst gong omheech mei 29%, nei 58 miljoen euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)