Gjin simmerkursus op Pabo

De beide Pabo-opliedings yn Fryslân fine it noch te betiid foar in simmerkursus om it rekkennivo fan studinten heger te krijen. Yn Deventer ha 70 earstejiers studinten wol sa'n kursus hân.
It nivo fan oankommende juffen en masters is faak leger as de learlingen fan de heechste klassen op de basisskoalle. De NHL en de CHN yn Ljouwert kieze derfoar om studinten sels yntinsive rekkenlessen te jaan.