'Omrin-oandielen dochs hâlde'

De gemeente Tytsjerksteradiel freget de gemeente Smellingerlân om dochs oandielhâlder te bliuwen by ôffalferwurker Omrin.
Neffens Tytsjerksteradiel is de foarrinner fan Omrin, Offalstjoering Fryslân, ea oprjochte om provinsjebreed in sterke en solide basis te hawwen foar de ferwurking fan ôffal. Dêrby is de bestjoerlike ynbring fan alle Fryske gemeenten tige wichtich, sa fynt Tytsjerksteradiel.