Seldsume wetterkever yn kanaal

08 sep 2006 - 13:09

Der is in hiel seldsum Europeesk beskerme wetterkeversoart fûn yn it Polderhoofdkanaal by Nij Beets. Landschapsbeheer Friesland ûndersiket hoe wichtich it kanaal is foar dizze 'gestreepte waterhoofdkever'.

De plannen om it no ôfsletten kanaal iepen te stellen foar de skipfeart hoege net yn gefaar te kommen. Natoerbeskermers besykje der fia oerlis en ûndersyk út te kommen en net fia in juridyske striid.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)