"MEP-subsydzje net stopsette"
De CDA-fraksje yn Achtkarspelen fynt dat CDA-minister Wijn fan Ekonomyske Saken werom komme moat op it stopsetten fan de saneamde MEP-subsydzjes foar duorsume enerzjy. De fraksje hat dêroer in brief skreaun oan de minister.
It stopsetten fan de subsydzje is net in goed sinjaal foar de ûntwikkeling fan dy duorsume enerzy en de oerheid is sa ûnbetrouber.