Kroegen Grou langer iepen

08 sep 2006 - 09:36

De hoareka yn Boarnsterhim mei tenei nachts langer iepen bliuwe. De nije slutingstiid foar diskoteken en kroegen wurdt moarns fiif oere. Ut in piloprojekt fan in jier hat bliken dien dat rommere iepeningstiden minder oerlêst as gefolch hat. Dat is ek de konklúzje fan ankêtes ûnder omwenners.

By it pilotprojekt wiene njonken de horeka en de gemeente ek de plysje, Pleatslik Belang en de taksibedriuwen belutsen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)