Ungelok: ferkearsoerlêst op A6

08 sep 2006 - 09:27

In ûngelok op de A6 by Eastersee soarget foar in soad ferkearsoerlêst. Op de dykhelte rjochting de Jouwer is in frachtauto mei tritich ton asfalt kantele. It duorret oeren foardat dat oprêden is. Der steane lange files.

De sjofeur is swier ferwûne rekke. De man soe mei de traumahelikopter ferfierd wurde. Dat slagge net omdat in oare frachtauto tsjin de wjukken fan de heli oanriden is. De sjofeur hie skrept om te helpen by it ûngelok.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)