Ungelok mei betonmikser

08 sep 2006 - 09:24

In frachtauto dy't tongersdeitemoarn syn betonmikser ferlern hat, hat foar oerlêst soarge op de klaverblêdrotonde by It Hearrenfean. Ferkear út de rjochting it Hearrenfean koe net nei De Jouwer ta.

De dyk waard ôfset sadat de betonmikser burgen wurde koe. De frachtauto waard bestjoerd troch in 51-jierrige man út Oerisel. Helptsjinsten ha it drok hân om it beton fan de dyk te spuitsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)