SP: Buffers om natuergebieten

© Omrop Fryslân
De Sosjalistische Partij wol duorseme buffers om natuergebieten hinne. Yn Fryslân is in tal natuergebieten oanwiisd. Dy wurde mei-inoar ferbûn troch ferbiningssônes. Deputearre Steaten hawwe dêr in plan foar makke.
De SP mist yn dat plan buffersônes om dy gebieten hinne. Dêryn moat plak wêze foar duorseme lânbou en feetylt. De kwetsbere natuergebieten binne sa ek better beskerme, fynt de SP.