VVD hat soargen oer begrutting

© Omrop Fryslân
De VVD yn de Steaten freget him ôf oft de provinsje de begrutting fan 2007 wol wiermeitsje kin. De VVD makket him ek soargen oer de perioade nei 2007.
De begrutting is no slutend, mar foar guon saken is der nei 2007 net genôch jild. It giet dan om it Fryske Marreprojekt en it Streekplan. De provinsjale motorrydtugebelesting sil dan wol omheech moatte, ferwachtet de VVD-steatefraksje. Dit jier bliuwt de wegebelesting gelyk.