Mei satellyt oaljeloazers pakke

07 sep 2006 - 09:43

Skippen dy't yllegaal oalje fuortrinne litte op de Noardsee kinne tenei mei help fan satellytbylden opspoard wurde. It Europeeske parlemint hat dêrfoar 150 miljoen euro útlutsen. De oalje kin ek in bedriging foarmje foar de Waadkust.

Op de Noardsee wurdt alle jierren tusken de 15 en 60 miljoen liter oalje dumpt. De wetterplysje ferwachtet dat fan de kamerabewaking in preventive wurking útgiet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)