Frysk wetterpeil op ynternet

07 sep 2006 - 06:41

De ynwenners fan Fryslân kinne aanst op ynternet sjen hoe grut de kâns is dat se wiete fuorten krije. Wetterskip Fryslân sil wetterrisikokaarten op ynternet sette.

Minister Remkes hat him earder al ris útlitten tsjin it op ynternet setten fan risikokaarten troch de provinsje fanwege terroristyske oanslaggen. Op dy kaarten stean saken as LPG-tanks. Dat beswier soe net fan tapassing wêze op de risikokaarten fan it wetterskip.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)