Krante om tsjerke te promoaten

© Omrop Fryslân
In soad leauwige minsken komme net yn tsjerke. Dat soe te krijen hawwe mei it negative imago fan benammen de protestantske tsjerken. De tjerklike gemeenten fan 'e doarpen Damwâld, Ikkerwâld, Moarrewâld, Broeksterwâld en De Falom wolle dêr wat oan dwaan.
Se hawwe in krante skreaun dy't hûs-oan-hûs yn de doarpen ferspraat wurdt. Doel is om de byldfoarming te ferbetterjen en mear minsken nei de tsjerken te lûken.