Noch gjin heli-stop yn It Fean

© Omrop Fryslân
De helikopterferbining tusken It Hearrenfean, Grins en Amsterdam lit noch oant ein 2007 op him wachtsje. It Amsterdamse bedriuw Helinet is al jierren dwaande mei it opsetten fan in netwurk troch hiel Nederlân en ek It Fean soe dêryn in helihaven krije.
De gemeente hat al yn 2003 tasein meiwurkje te wollen oan it netwurk, mar hat noch hieltyd gjin geskikte lokaasje fûn. De tiid begjint lykwols te driuwen om't Helinet los wol.