Snitser befeiliger frijlitten

De rjochtbank yn Rotterdam hat tiisdei de Snitser (45) frijlitten dy't fertocht wurdt fan de deadlike mishanneling fan in man (26) út Rotterdam. De Snitser wurdt noch wol fertocht fan deaslach, mar mei fanwege persoanlike omstannichheden nei hûs.
De Rotterdammer kaam snein 20 augustus om it libben by in race-evenemint yn syn wenplak. De fertochte út Snits wie dêr as meiwurker fan befeiligings- bedriuw ISA út Heech.