Miljoenestrop troch wurk seedyk

06 sep 2006 - 11:11

Der driget in strop fan acht miljoen euro omdat it Ryk net opdraaie wol foar de kosten fan de renovaasje fan it stik seedyk by Swarte Haan. Dat soe betsjutte dat de wetterskipslesten omheech geane.

Neffens it Ryk is der sprake fan ûnderhâld en dat moat it Wetterskip betelje. It wetterskip fynt de nije asfaltlaach in ynvestearing omdat de âlde net doochde. De saak leit op dit stuit by de Twadde Keamer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)