Hege straf easke by scoutingbrân

06 sep 2006 - 10:38

Tsjin de brânstichters fan it gebou fan Scouting Oranjewâld binne tiisdei hege straffen easke. Foar de haad- fertochte (24)waard twa jier sel frege mei seis moanne op betingst. Syn maat (18) fan Langelille hearde in eask fan 18 moanne sel. Foar in frou (22) út Wolvegea wie dat 240 oeren wurkstraf.

It trio sette yn febrewaris ûnder ynfloed fan drank en drugs it scoutinggebou yn 'e brân. Se diene dat mei molotovcoctails.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)