Digitale parkearpassen Ljouwert

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert fiert yn jannewaris digitale parkearpassen yn. Dy ferfange de parkearfergunnings dy't de eigners no noch achter it autorút lizze moatte.
De nije passen binne fraudebestendich en net ynteressant om te stellen, tinkt de gemeente. De eigners fan de no jildige parkearfergunnings, binne noch net op de hichte brocht fan de nije digitale paskes.