Famke komt ûnder oanhingwein

05 sep 2006 - 15:18

By in oanriding op de Haskerútgong op It Hearrenfean is moandei in famke fan tolve jier ferwûne rekke. Se joech by it oerstekken mei de fyts gjin foarrang oan in auto mei oanhingwein bestjoerd troch in ynwenner (32) fan It Hearrenfean.

By de oanriding foel it famke en kaam ûnder ien fan de tsjillen fan 'e karre terjochte. Se is mei ferwûnings oan de holle oerbrocht nei it sikehûs. It famke komt fan It Hearrenfean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)