Man oppakt foar brânstichting

© Omrop Fryslân
In 28-jierrige man út Frjentsjer is moandeitejûn oanhâlden foar brânstichting. Hy soe in bankstel en in bulte smoargens op strjitte yn 'e brân stutsen hawwe. Dat wie op de Troelstrastrjitte en it Algraplein yn Frjentsjer.
Omstanners hiene sjoen dat in man it fjoer oanstutsen hie. Op basis fan it sinjalemint hat de plysje de Frjentsjerter yn syn eigen hûs oanhâlden.