Kitesurfer slim ferwûne

In kitesurfer is sneintemiddei slim ferwûne rekke op it strân fan Warkum. It slachtoffer stie klear om te kitesurfen, doe't er troch in wynpûst oer it gers sleept waard. In omstanner rôp noch dat it slachtoffer syn feilichheidsline ôfkoppelje moast, mar dat slagge net.
De kitesurfer klapte tsjin in bestelbuske en rekke slim ferwûne oan 'e holle en skonken. Hy is mei de traumahelikopter nei Grins oerbrocht.