Undersyk brân Bilgaardpassage

05 sep 2006 - 14:44

Der komt in grutskalige evaluaasje nei it hanneljen fan de brânwacht by de brân yn De Bilgaardpassage yn Ljouwert, oardel wike lyn. Dat hat boargemaster Geert Dales moandei sein tsjin de riedskommisje Bestjoer en Middelen.

Oanlieding is it grut tal fragen oer de brân by de omwenjenden, de ûndernimmers en ek de polityk. Hat de brânwacht goed hannele of net, en hie it better kind?

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)