Skeel oer jild plattelân

© Omrop Fryslân
De provinsje en it Ryk kinne it net iens wurde oer de ferdieling fan it jild foar it plattelân. It giet foar hiel Nederlân om in bydrage fan goed 3 miljard euro. Dat jild moat brûkt wurde foar de oankeap fan natuergrûn en de lanynrjochting.
Om't de grûn hjir goedkeaper is, moat Fryslân jild ynleverje. Dêrtroch kinne de doelstellings foar de oankeap fan natuergrûn net helle wurde. De provinsje makket him dêr lulk oer.