Plysje trapearret fytsedief

© Omrop Fryslân
In 21-jierrige ynwenner fan Damwâld is sneintemoarn betiid yn Dokkum op 'e die betrape by it stellen fan fytsen. De Damwâldster waard oanhâlden oan de Stasjonsstrjitte, doe't hy dwaande wie mei it iepenbrekken fan in fytsslot.
De plysje stie dêr te posten, omdat der de lêste tiid faker fytsen stellen of fernield waarden. De jonge is meinommen nei it plysjeburo. Der wurdt ûndersocht oft hy ôfwit fan eardere fernielings en stellerijen.