Fragen Omrin by oare gemeenten

04 sep 2006 - 10:50

It opsizzen fan it ôffalkontrakt mei ôffalferwurker Omrin troch de gemeente Smellingerlân soarget ek foar opskuor yn oare gemeenten. Smellingerlân wol net mear fierder mei Omrin omdat it bedriuw te djoer wêze soe.

De partij Ooststellingwerfs Belang yn de ried fan Eaststellingwerf wol dat de gemeente no ek ûndersiket of der te folle betelle wurdt oan Omrin. En yn Boarnsterhim freget de FNP nei de gefolgen foar de eigen gemeente.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)