24 ideeën foar better taalbelied

© Omrop Fryslân
De FNP Ljouwert hat 24 foarstellen presintearre foar in better taalbelied yn de Fryske haadstêd. De partij wol b. en w. oan 'boustiennen' helpe foar in nij taalbelied. De FNP wol it Frysk sichtberder meitsje troch bygelyks twatalige perronbuorden op it stasjon fan Ljouwert en twatalige strjitnammebuorden yn it sintrum.
Fierder pleitet de FNP ek foar kontakten tusken de gemeente en in gemeente yn Noardfryslân yn Dútslân.