D66 wol gearwurkje mei de FNP
D66 Fryslân wol by de steateferkiezings fan takom jier gearwurkje mei de FNP en de Partij voor het Noorden. Neffens foarsitter Hettinga fan D66-Fryslân ferskille de trije partijen ynhâldlik op punten, mar is binne der ek oerienkomsten.
Alle trije partijen wolle dat it noarden mear sizzenskip krijt. Ofspraken tusken de 3 partijen binne der noch net. De FNP sjocht net folle yn gearwurking by de ferkiezings.