Stand-by tv feroarsaket brân

04 sep 2006 - 09:19
Foto: Omrop Fryslân

Oan de Kingmastate yn Ljouwert hat snein in útslaande brân west yn in wenhûs. De brânwacht wie gau te plak en koe foarkomme dat it fjoer oersloech nei oare huzen. Der binne gjin minsken ferwûne rekke by de brân.

De brânwacht tinkt dat de brân ûntstien is troch in tv yn de stand-by stân. In stand-by stân kin gefaarlik wêze, omdat ûnderdielen fan it tastel dan waarm bliuwe. Yn kombinaasje mei stof kin dat brân as gefolch hawwe.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)