Partoer Berkepas wint yn Moarre

03 sep 2006 - 21:11

Klaas Berkepas, Pieter Scharringa en Daniël Iseger ha sneon de frije formaasjeparty yn Moarre-Ljussens wûn. Yn de finale wûnen sy fan Simon Minnesma, Jan Willem van Beem en Marten Feenstra mei 5-2 en 6-2. Feenstra ferfong yn de finale Douwe Groenendijk, omdat hy in blessuere oan de ûnderearm hie.

De lytse preemje wie foar Louwrents Reitsma, Jacob Klaas Haitsma en Gerrit Flisijn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)