MC Sicko rapt festival iepen

03 sep 2006 - 18:10

Boargemaster Heldoorn fan Opsterlân hat sneon it Gordykster Hip Hop in de park festival 2006 yn styl iepene. Net yn pak mei amtskeatling, mar mei trainingspak oan en pet op rapte hy der op los as 'MC Sicko'.

Oan it festival stie in ferskaat fan bands lykas Empty 101, Remon de Jong en de Moflow Black Bulls. It festival wie organisearre troch Timpaal Welzijn en platemaatskippij City of GS Records.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)