Strjitrôf yn Ljouwerter steech

03 sep 2006 - 18:10

In 37-jierrige ynwenster fan Ouwesyl is sneontejûn oerfallen yn de Alde Lombardsteech yn de Ljouwerter binnenstêd. De frou waard oansprutsen troch in man op in fyts. Op itselde stuit kaam in scooterrider del, dy't de tas fan it slachtoffer ôfpakte.

Beide manlju naaiden út. Yn de tas sieten in mobile tillefoan en in beurs. Fan beide dieders ûntbrekt elts spoar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)