LTO Noord ferliest soad leden

© Omrop Fryslân
LTO-Noord hat ferline jier tsien persint fan'e leden ferlern. Hast trijetûzen leden seine it lidmaatskip op wêrûnder 130 út Fryslân. Benammen in soad túnkers betanken foar LTO Noord.
LTO Noord hat 2005 ôfsletten mei in ferlies fan 2 miljoen euro. LTO Noord is ûntstien troch in fúzje mei oare lanbouorganisaasjes. It ferlies hat foar in grut part te krijen mei de fúzje.