Stones-nûmers op Tsjochfestival

03 sep 2006 - 15:15

Op it 29ste Tsjochfestival sil in soad muzyk te hearren wêze fan de Rolling Stones. Alle dielnimmende artysten is frege om in nûmer fan de Stones te spyljen. De festivalorganisaasje wol der de besikers op wize dat de Ingelske band in soad folknûmers ferrockt hat.

It 29ste Tsjochfestival wurdt op 16 septimber hâlden yn De Lawei yn Drachten. Der dogge dit jier sa'n 63 groepen en solisten mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)