Van den Berg twadde yn H'fean
Turnster Berber van den Berg fan It Hearrenfean hat har pleatst foar de twadde kwalifikaasjeronde foar de Wrâldkampioenskippen. Yn de earste ronde op It Hearrenfean waard se twadde mei in nij persoanlik rekôrd fan 54,9 punten.
Ek Danila Koster fan turnferieniging WIK/FTC hat har pleatst foar de twadde ronde. Yn dy twadde ronde moat Nederlân by de beste 24 lannen einigje.