Bruorren Zonderland nei 2e ronde

© Omrop Fryslân
De bruorren Epke en Herre Zonderland fan De Lemmer hawwe harren pleatst foar de twadde kwalifikaasjewedstryd foar it Wrâldkampioenskip. Op It Hearrenfean wie sneon de earste wedstryd. Yn de mearkamp prestearden de bruorren goed genôch om by de earste seis te einigjen. De beste seis geane nei it WK yn it Deenske Aarhus.
Jeroen Hardon fan turnferiening WIK/FTC út Hearrenfean pleatst him ek. Anthony Runia is oant no ta reserve.