Frou (73) komt om by ûngelok

03 sep 2006 - 12:42
Foto: Omrop Fryslân

In 73-jierrige frou út Hantum is freedtejûn ferstoarn by in ûngelok mei har fyts. It ûngelok barde op de krusing fan 'e Doarpsstrjitte en de Ternaarderwei. De frou soe op de krusing rjochts ôfslaan, doe't se oanriden waard troch in autobestjoerder út Ternaard.

De frou foel op de grûn en is letter yn it sikehûs oan har ferwûnings ferstoarn.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)