Krityk CDA op prostitúsjebelied

03 sep 2006 - 12:37

De útwreiding fan de prostitúsje yn Ljouwert nei plakken bûten de Weaze en omkriten mei perfoarst net tastien wurde. Dat fynt de CDA-riedsfraksje. Fraksjefoarsitter Thea Koster is tsjin de plannen fan it gemeentebestjoer om it konsintraasjebelied los te litten.

Op dit stuit is der foar de seksyndustry allinnich plak op de Weaze. De boargemaster fynt prostitúsje in gewoane bedriuwstak dy't him oeral festigje kinne moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)