WK solex op 'e Jouwer ôflast

02 sep 2006 - 18:04

It wrâldkampioenskip solex op 'e Jouwer fan sneontemiddei is ûnferwachte ôflast fanwege de dea fan ien fan 'e dielnimmers. It man út Vaassen krige in hertoanfal wylst hy oan it ynriden wie. De man foel en koe net mear rêden wurde troch ambulânsemeiwurkers.

De organisaasje hat besletten om it jierlikse evenemint te skrassen. De organisaasje ropt it publyk op om net te kommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)