H'fean: gjin libjende stânbylden

© Omrop Fryslân
It Frysk Kampioenskip Living Statue op it Hearrenfean giet sneon net troch. Der hawwe har mar fjouwer dielnimmers opjûn om as libjend stânbyld yn it sintrum fan It Hearrenfean te stean. Ien fan 'e oarsaken dat der sa'n bytsje dielnimmers binne is mooglik de koarte tariedingstiid.
It Frysk Kampioenskip Living Statue soe ûnderdiel wêze fan it strjitfestival dat sneon hâlden wurdt. It strjitfestival giet wol troch.