Knappe rentree Yuri van Gelder

02 sep 2006 - 15:42

Wrâldkampioen ringen Yuri van Gelder hat sneon op it Hearrenfean syn rentree yn de turnsport makke. Van Gelder wie fiif moanne ôfwêzich fanwege in blessuere. Op de earste kwalifikaasjewedstriid foar it WK yn Denemarken skoarde Van Gelder 16,200 punten foar syn oefening.

Nije wike is de twadde kwalifikaasjewedstriid yn Enschede. Van Gelder wol op it kommende WK graach syn titel ferdigenje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)