Underkommen Blauw Wyt al te lyts

02 sep 2006 - 10:41
Foto: Omrop Fryslân

It nije ûnderkommen fan de Ljouwerter fuotbalferiening Blauw Wyt is is no al te lyts. Freed waard sportkompleks Wiarda oan de Drachtsterwei offisjeel iepene. No is al dúdlik dat der in tekoart is oan klaaikeamers.

Ek tinkt foarsitter Schuitema fan Blauw Wyt dat in ekstra fjild fan grut belang is foar de takomst fan de club. Ek omdat takom jier fuotbalklub FVC der by komt op it kompleks.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)